Skier:jild foar bus nei Dokkum

14 jul 2012 - 12:02

Skiermûntseach set de proef troch dat learlingen mei in bus fan de boat by Lauwerseach nei Dokkum kinne. Learlingen fan 16, 17 of 18 jier hoege ek nei de simmerfakânsje net perfoarst op keamers op de fêste wâl. De bus rydt moarns nei it Dokkingakolleezje en middeis wer nei de boat.

It learlingeferier is offisjeel gjin gemeentlike taak, mar sjoen de bysûndere omstannichheden op it eilân wol de gemeente meibetelje oan it ferfier. Op syn meast 20.000 euro. It giet allinnich om ferfier nei Dokkum.

(advertinsje)