Sneltsjinsten Doeksen fan en nei Flylân ferfalle moandei

09 aug 2020 - 21:43

Troch in motorsteuring yn in boat ferfalle moandei de ôffearten fan de sneltsjinst fan rederij Doeksen tusken Harns en Flylân. Ek sneintemiddei en -jûn ferfoelen al sneltsjinsten.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It giet moandei om trije ôffearten fan Flylân nei Harns en fjouwer de oare kant op. De reguliere feartsjinst giet wol gewoan troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)