Ynstoarte kaai wurdt ferholpen

14 jul 2012 - 11:40
  • Deputearre Sietske Poepjes
  • Ciska Stapert fan skipswerf Stapert

De provinsje komt gau mei maatregels tsjin it fersakjen fan de kanten fan it Nije Kanaal yn Ljouwert. Ein juny stoarte by de Schilkampen in stik kaaimuorre yn. In boat en in trailer fan skipswerf Stapert ferdwûnen dêrby ûnder wetter. De provinsje erkent dat de muorre ynstoart is, om't der te djip baggere is. Foar de boufak wurdt der stien stoart oan de kanten.

De omwenners fan it Nije Kanaal binne benaud dat sy mei de skea sitten bliuwe, as de kanten begjinne te skuorren. Se wolle dêroer garânsjes fan de provinsje.

Trefwurden: 
Ljouwert kaai
(advertinsje)