Formule E-koereur Nyck de Vries wer fjirde yn Berlyn

Autokoereur Nyck de Vries is yn de njoggende Formule E-wedstriid fan it seizoen as fjirde einige. De Snitser kaam goed twa sekonden tekoart foar in poadiumplak. De winst yn de race gong nei Jean-Éric Vergne. António Félix da Costa waard twadde en is dêrmei wis fan de einoerwinning yn it klassemint.
© ANP
It is in opstekker foar De Vries, dy't de lêste twa wedstriden bûten de punten einige. Nei syn fjirde plak fan woansdei foel er tongersdei út en einige er sneon as sechstjinde.
De Vries kwalifisearre him as fiifde foar de race fan snein. Hy makke ûnderweis in plakje goed troch Oliver Rowland yn te heljen, yn de race wêryn't it reinde. De Vries koe de Brit dêrnei flak achter him hâlde. Hy klimt nei it tolfde plak yn it klassemint.

Klassemint nei 9 fan 11 races

Koereur Punten
1. António Félix da Costa 156
2. Jean-Éric Vergne 80
3. Maximilian Günther 69
4. Lucas di Grassi 69
5. Sébastien Buemi 67
6. Mitch Evans 65
7. André Lotterer 59
8. Stoffel Vandoorne 57
9. Oliver Rowland 54
10. Sam Bird 52
11. Alexander Sims 49
12. Nyck de Vries 42
Foar de coronakrisis wiene der fiif races ferriden yn de Formule E. Op it âlde Tempelhof-fleanfjild yn Berlyn wurdt dizze wiken it seizoen ôfmakke. Woansdei wie de earste fan seis races op dat plak. Der komme noch twa: kommende woansdei en tongersdei.