Gjin winner yn Fryske striid yn Belgyske fuotbalkompetysje

De striid tusken Ljouwerter Lucas Bijker en Snitser Michel Vlap yn de Belgyske fuotbalkompetysje hat gjin winner opsmiten. KV Mechelen - Anderlecht, de klups fan respektyflik Bijker en Vlap, einige snein yn 2-2. De twa Friezen spilen beiden de hiele wedstriid.
© Orange Pictures
It wie de earste wedstriid foar beide klups yn it nije seizoen. It duel waard spile yn in leech stadion. It wie in wike lyn noch twiveleftich oft de wedstriid trochgean soe, om't Mechelen yn de provinsje Antwerpen leit, dêr't de lêste tiid in hiel soad nije coronabesmettingen binne. Dizze wike hat it regear dêr bepaald dat de striid tusken Bijker (earder spiler fan Cambuur en Hearrenfean) en Vlap (ek âld-Hearrenfean) trochgean mocht.
Jérémy Doku iepene de skoare yn it foardiel foar Anderlecht, nei in kertier spyljen yn de twadde helte. Nei't Bijker en ploechgenoat Rocky Bushiri mei syn twaen in eigen goal makken, like Anderlecht de trije punten hast binnen te hawwen. Troch goals fan Igor de Camargo en Jordi Vanlerberghe yn de lêste tsien minuten kaam de thúsklup lykwols noch op likense hichte.
Djip yn blessueretiid wie Michel Vlap noch hiel ticht by de oerwinning foar de útploech. Syn skot waard mei in uterste ynspanning ta corner ferwurke troch doelman Gaetan Coucke. En dus moasten de beide Friezen it dwaan mei in punt.