Ljouwerter oanholden nei mishanneling en bedriging mei fjoerwapen

09 aug 2020 - 19:18

De plysje hat in man fan 26 jier út Ljouwert oanholden, op fertinking fan mishanneling fan in frou en bedriging mei in fjoerwapen.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

De melding fan de mishanneling kaam yn de nacht fan sneon op snein. It ynsidint die him foar yn de Bagijnestraat, yn it sintrum fan Ljouwert. De plysje koe de 26-jierrige Ljouwerter al gau oanhâlde. Dy fertelde úteinlik ek wêr't it wapen lei. Dat bliek in neimakwapen te wêzen.

Der rint noch fierder ûndersyk, de fertochte sit fêst. It is net dúdlik hoe't it slachtoffer deroan ta is.

(advertinsje)
(advertinsje)