Ungelok by Douma Staal

14 jul 2012 - 11:17

By in bedriuwsûngelok by Douma Staal yn Snits binne sneontemoarn tsjin alven twa persoanen ferwûne rekke. De beide manlju wiene boppe yn de hal oan it wurk, doe't it bakje dêr't se yn stiene losrekke trochdat in kabel knapte. Se foelen in meter as fiif nei ûnderen. De slachtoffers binne behannele troch it personiel fan ambulânses en traumahelikopter en dêrnei mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De dokters wiene 'gematigd positief' oer de situaasje fan de beide slachtoffers.

De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei it ûngelok.

De twa ferwûnen binne ynhierde skjinmakkers.

Trefwurden: 
ûngelok Douma Staal
(advertinsje)