Muzyk foar pasjinten sikehûs

14 jul 2012 - 11:14
  • Meindert Bosklopper, direkteur fan De Meldij

Muzikantan fan De Meldij yn Drachten sille nei de simmer optredens jaan foar pasjinten yn Nij Smellinge. It giet om minsken dy't op de ôfdieling hert- en longsykten lizze. Ien kear yn de moanne komt der op snein in lyts optreden fan in goed healoere. De bedoeling is dat de konserten fan septimber ôf jûn wurde.

Muzikanten dy't ynteressearre binne yn it projekt kinne har opjaan by it keunstesintrum.

(advertinsje)