Partoer Bruinsma ferrast mei winst yn Burchwert

It partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma hat foar it earst dit jier in haadklassepartij wûn. Yn de finale yn Burchwert wiene se mei 5-2 6-6 te sterk foar de favoriten Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. It wie pas de tredde frijeformaasjepartij dit jier foar de froulju yn de haadklasse.
© Henk Bootsma
Bruinsma-en-dy wiene dit seizoen noch net yn de prizen fallen, mar pleatsten har yn Burchwert foar de finale troch earst fan it partoer fan Sietske Okkema te winnen (5-3 en 6-2) en dêrnei ek fan Nienke Sijbrandij. Op alles oan 'e hang sloech Sijbrandij de bal bûten, wêrtroch't de winners fan de foarige frijeformaasjepartij útskeakele wiene en it trio-Bruinsma nei de finale gong.

Ferrassing kompleet

Dêryn troffen se Tuinenga, Bakker en Wijnia. Dy hiene yn Moarre-Ljussens de earste partij fan it jier wûn en wiene dêrnei ferliezend finalist yn Sint-Anne. Bruinsma-en-dy rûnen snein lykwols al gau nei in foarsprong fan 3-0. Dêrnei pakte it trio-Tuinenga wol in earst, mar it partoer fan Bruinsma liet it net spannend wurde. Op 5-2 6-6 brocht Tuinenga de bal bûten it perk, wêrtroch't Bruinsma, Monfils en Siegersma har earste priis te pakken ha.
De lytse preemje wie foar Sijbrandij, Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy fersloegen Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol mei 5-0 6-6 yn de striid om it tredde plak.