Tsjerkegongers Wynjewâld sjonge bûten: "In goed alternatyf"

Je meie offisjeel wer sjonge yn de tsjerke, mar by de herfoarme gemeente fan Wynjewâld sjonge se foar de wissichheid dochs bûten. "We dogge dit omdat we dochs foar feilichheid kieze", seit âlderling Theun Brouwer. "It is in goed alternatyf, al fyn ik it moaier om mei syn allen yn de tsjerke te sjongen."
Fuortendaliks nei de moarnstsjinst, wêryn't fanwege it coronafirus net songen wurdt, geane de tsjerkegongers nei bûten foar de lieten. Yn groepkes, op 1,5 meter fan elkoar.
Yn Wynjewâld gong it om sa'n 25 minsken dy't de tsjinst bywennen. De lieten waarden foarlêzen troch dûmny Snaterse fan Hoogeveen. Mei de tsjinst waard er echt songen. "Fijn dat het zo kon met elkaar om nog even heerlijk te zingen", sei de dûmny nei ôfrin. "Want dat hoort bij een zondag. We begrijpen het heel goed dat het in de kerkdienst niet kan."
De measte tsjerken binne op sneins wer iepen, mar in soad fêste tsjerkegongers bliuwe noch thús. omdat sitte yn de risikogroep sitte.
Yn Wynjewâld sjonge de tsjerkegongers yn de iepen loft