Sierk Jan de Haan wint Roden

14 jul 2012 - 10:21

Mei in machtige solo hat Sierk Jan de Haan de Lus fan Roden wûn. De Dokkumer hurdfytser naaide yn de finale fan it kritearium oer 100 kilometer út. De oare fjouwer koprinners seagen De Haan nei de einstreek wer. Jeff Vermeulen waard twadde, Dylan Groenewegen tredde. Wim Stroetinga waard sânde. Hy ried twa kear lek.

Trefwurden: 
hurdfytsen
(advertinsje)