Brân yn elektrisiteitskast oan Neptunusweg yn Ljouwert

09 aug 2020 - 09:58

Yn in elektrisiteitskastje by in stjoermêst oan de Neptunusweg yn Ljouwert hat sneontejûn brân west. De brân bruts krekt nei 18.30 oere út. De brânwacht koe it fjoer rap útmeitsje. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. Der rekke gjinien ferwûne.

Foto: AS Media
(advertinsje)
(advertinsje)