Warskôging foar oplichter

13 jul 2012 - 21:52

De plysje yn Fryslân hat freedtemiddei in melding krigen fan oplichting fia ynternet. In ynwenster fan Minnertsgea waard belle troch in ûnbekende man dy't witte liet dat er fan Mircosoft wie. Hy prate Ingelsk mei in bytsje Pakistaansk of Yndiaask aksint. Neffens de man wiene der problemen mei de kompjûter fan de frou en koe hy har helpe.

It giet hjir om in trúk om minsken jild ôf te pakken. De plysje warskôget Friezen om alert te wêzen en gjin ynformaasje te jaan.

Trefwurden: 
oplichting Microsoft
(advertinsje)