Ungelok A7 by It Hearrenfean

13 jul 2012 - 21:34

De rykswei A7 by It Hearrenfean hat freedtemoarn in skoftsje ticht west foar it ferkear. Troch in ûngelok wie dêr in frachtwein yn de berm bedarre. In 28-jierrige autobestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en kaam dêrtroch yn botsing mei de frachtwein. De auto waard swier skansearre en de frachtwein rekke fan de dyk ôf. Der moast in sleepbedriuw oan te pas komme om de frachwein út de berm te heljen. De autobestjoerder rekke licht ferwûne en is op it plak sels behannele oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
ûngelok A7 frachtwein
(advertinsje)