Brânwacht hat flink wurk fan brân yn gersbult op It Hearrenfean

09 aug 2020 - 07:55

De brânwacht fan It Hearrenfean hie sneontejûn flink wurk fan in grutte bulte baarnend gers oan de Verlengde Cissy van Marxveldtlaan. Der kaam in soad reek frij by de brân en dy luts dêrtroch in soad taskôgers.

Foto: GrootHeerenveen

De brânwacht hie it fjoer yn in kertier ûnder kontrôle. It neidwêsten naam noch in grut part fan de jûn yn beslach. Der waard in kraan by helle om de bulte gers út elkoar te lûken. Sa koe de brânwacht de lêste fjoerresten dôvje.

Om 22.00 oere hinne wie it fjoer folslein út en koe de brânwacht wer werom nei de kazerne.

(advertinsje)
(advertinsje)