Himpkwekerij yn De Pein

13 jul 2012 - 21:18

In 31-jierrige ynwenner fan De Pein is freedtemoarn oanhâlden troch de plysje yn ferbân mei in himpkwekerij. De man hie yn in wenning oan de Kommisjewei goed 200 stekjes stean en dêrneist ek nochris 11 planten. De plysje kaam de kwekerij op it spoar trochdat der earder dizze wike in kwekerij yn Delft oantroffen waard. It die bliken dat dat gebou op namme stie fan de man út De Pein.

Alle apparatuer, planten en stekjes yn De Pein binne yn beslach naam en ferneatige. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
himpkwekerij stekken
(advertinsje)