Rienk Rozema (27): it libben oppakke nei in dwerslaesie

09 aug 2020 - 15:37

Rienk Rozema fan De Falom (27) sit sûnt 2016 yn in rolstoel. Hy wie belutsen by in auto-ûngelok en rûn in dwerslaesie op. Nei de earste klap pakte hy syn libben yn folle faasje op: refalidearje en sjen wat wól kin. Hy begûn in blog en sette him yn foar World Servants, in organisaasje dy't jongeren de wrâld yn stjoert om te helpen by ûntwikkelingsprojekten.

Foto: Rienk Rozema

Rozema rûn in hege dwerslaesie op by in ûngelok op 31 maart 2016. Hy wykte út foar in ein en waard wekker op de achterbank fan syn auto. Hy hie fuort troch dat er yn in rolstoel telâne komme soe. De perioade dêrnei wie noch net iens sa freeslik, fertelt Rozema. "Yn it sikehûs wie ik noch wol fleurich, útsein de nachten." Dan kaam bytiden de eangst.

Nachtmerjes

It besef dat hy net rinne koe, soarge foar nachtmerjes en eangst dat er gjin help krije koe as it nedich wie. "Dan tocht ik: wêr binne de susters? Dan lei ik dêr en ik koe neat. Dat wie wol heftich."

Dêrnei gie Rozema nei it refalidaasjesintrum. Dat wie swier, de konfrontaasje mei alle minsken dêr dy't yn in rolstoel sieten. Dochs gie er de striid mei himsels oan. No, fjouwer jier letter, seit er dat it benammen ek wie om himsels te bewizen nei de bûtenwrâld. Dêrmei joech hy himsels net de measte romte om alles te ferwurkjen.

Ast gewoan trochgiest en tinkst noait dat it wat rêstiger oan moat, dan komst dysels úteinlik tsjin.

Rienk Rozema

Dy klap kaam folle letter. "Ast gewoan trochgiest en tinkst noait dat it wat rêstiger oan moat, dan komst dysels úteinlik tsjin. Doe tocht ik: no is it definityf. Dan wurdst fertrietlik en tinkst dat it libben foarby is."

Rienk Rozema yn Buro de Vries

Mar hy pakte it libben yn folle faasje op. World Servants kaam op syn paad. De Fryske organisaasje set him yn foar minsken yn earme lannen mei ûntwikkelingsprojekten. Rozema sette dêr in projekt op foar minsken mei in lichaamlike beheining en dat wie in sukses. Hy gie sels op 'en paad nei Bolivia om te sjen wat de mooglikheden wiene. Yn 2018 is der doe in groep minsken mei in lichaamlike beheining nei ta gien om te helpen. Yntusken binne der meardere lannen dêr't dizze groep ûntwikkelingshelp jout.

Yn 2017 waard Rozema twadde yn in ferkiezing fan de meast ynspirearjende Nederlanner mei in beheining. "Hij wil laten zien dat jongeren met een beperking tot veel in staat zijn", stie yn it sjueryrapport. Rozema is grutsk op dy moaie wurden.

De takomst

Op it stuit siket Rozema nei nije ambysjes. De burn-out hat noch syn ynfloed. Der binne somtiden minne dagen dat him neat út 'e hannen komt en der fertriet is oer syn situaasje. "Ik bin dwaande om mysels mear te uterjen en wol mear foar mysels opkomme."

Oare minsken witte soms net hoe't se mei in persoan yn in rolstoel omgean moatte. "Net elkenien hat ien yn de omjouwing mei in lichaamlike beheining", fertelt er. "Dan fernimst gewoan dat se domme fragen stelle. Ik ha sels wol fan guon heard dat se oan de kant skood wurde yn de supermerk, krekt as in winkelkarke. Meastal slik ik dat gewoan, mar dat wol ik oars ha. Want as ik it mar slik, feroaret der ek neat."

Rozema wol dus mear begryp: "Foar myn ûngelok kaam ik ek wolris ien tsjin mei in beheining. Doe wist ik sels ek net sa goed wat je dermei oan moatte."

Rienk Rozema - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Lilk oer it feit dat him dit oerkaam is hy net. Dat it liif net mear docht wat hy wol, makket Rozema op guon mominten wol fertrietlik, mar oer it algemien is er net down. "Trochdat ik it ûngelok hân ha, binne der ek moaie dingen op myn paad kaam. Ik bin in moaier persoan wurden."

De ambysjes lizze benammen op it persoanlike mêd. Hy wol graach op himsels wenje mei syn freondinne. "Dat is ek wer in hiele stap. En ik wol ek graach bern ha." Neffens him binne dy mooglikheden der wol. Wurkje oan in goeie takomst, is de grutste ambysje foar Rozema. "It moaiste moat noch komme."

Rienk Rozema is te folgjen op Instagram en Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)