Nyck de Vries wurdt 16e en sakket yn Formule E-klassemint

08 aug 2020 - 21:35

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits is sneon by de race yn de Formule E yn Berlyn as 16e einige. Dêrmei sakke er ek wat nei ûnderen yn it klassemint, fan it 12e nei it 14e plak. Hy hat no yn totaal 30 punten. De nûmer 1 yn it klassemint is António Félix da Costa mei 137 punten.

Foto: Formula E

It slagge Nyck de Vries om ûnder de race nei de top 10 te klimmen, mar troch in stadige slotronde ferlear hy seis plakken. Sa kaam hy as 16e oer de finish.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Snits Formule E
(Advertinsje)
(Advertinsje)