Fierljeppen Winsum einiget mei ferrassingen: Brandsma, Steensma en Poiesz

It wie in spannende jûn by de sânde fierljepwedstriid fan it seizoen yn Winsum. Ysbrand Galama koe earder yn Winsum in persoanlik rekôr fan 21.53 meter delsette, mar kaam no net fierder as 20.89 meter. Nard Brandsma dûkte ynienen op as serieuze konkurrint mei 21.07 meter. Hy waard earste by de senioaren topklasse. Ek by de froulju en de jonges wiene der grutte ferrassingen: Wytse Steensma en Maureen Poiesz.
Nard Brandsma yn Winsum
By de oergongsklasse is it Feike Stellingwerf fan Koudum dy't yn syn earste besykjen in topsprong delset yn de foarwedstriden. Hy springt 19.55 meter, fierder as it persoanlik rekôr fan 19.26 meter. Stellingwerf hellet dêrmei it earste plak yn de oergongsklasse. Plak twa en trije giene nei Bauke de Jong fan Parregea (18.86 meter) en Rutger Piersma fan It Heidenskip (18.00 meter). By de famkes is de top trije yn de foarwedstriid: Inger Haanstra fan It Heidenskip (13.88 meter), Hanneke Westert fan Snits (13.07 meter) en Hilde van der Weij fan Sint-Jabik (13.03 meter).

Fjurwurk by de jonges

By de foarwedstriden fan de jonges topklasse wie it fjoerwurk. Yn 't foar wiene der grutte ferwachtingen fan Wisse Broekstra fan Tsjummearum, in grutte favoryt. Broekstra waard in medysk wûnder neamd, om't er ljepte mei in brutsen tean dy't er moandei mei in training oprûn hat. It is syn lêste jier by de jonges en hy wie fan doel om te flamjen en nei de 19 meter te springen. Dat slagge net, mar 18.16 meter yn de tredde sprong slagge wol. In persoanlik rekôr.
© Martin de Jong Fotografie
Mar doe moast de grutte ferrassing fan de jûn noch komme: Wytse Steensma fan De Jouwer. Noch nea ljepte hy fierder as 16.90 m. Oant sneon, want doe sprong Steensma leafst 18.42, en hat dêrmei net allinne in persoanlik rekôr, mar ek in skânsrekôr te pakken. Dat lei dêrfoar op 18.24 meter. It tredde plak giet by de jonges nei Arend Veenstra fan Surhuzum mei 15.91 meter.
Wytse Steensma:
Wytse Steensma yn Winsum

Maureen Poiesz ymponearret oare froulju

By de froulju komt Maureen Poiesz as grutte ferrassing út de bus. Har persoanlik rekôr lei noch op 15.36 út de tiid dat sy by de famkes sprong. Mar yn de twadde sprong fljocht sy dêr fier oerhinne mei 15.71 meter. Ek har tredde sprong fan 15.58 meter soe in rekôr west hawwe. Poiesz glimke grutsk nei har sprong en foar de oare froulju is har sprong skrikken. Bokma falt folslein bûten de boat en ek Marrit van der Wal wurdt mar fiifde. Nei Poiesz wurde Femke Rispens fan Niehove (15.03 meter) en Marije Reitsma fan Drylts (13.82) twa en trije.
Maureen Poiesz:
Maureen Poiesz yn Winsum
Ysbrand Galama bliuwt de dryste nûmer ien by de senioaren mei 20.89 meter. Ek Nard Brandsma makket in stoere sprong mei 19.71 meter en pakt dêrmei it twadde plak. Nûmer trije giet nei Age Hulder fan Burgum mei 18.74 meter.
By de junioaren wit Rutger Haanstra fan It Heidenskip it earste plak te bemachtigjen yn de earste sprong mei 18.44 meter. By de twadde sprong wie er te rap en ek de tredde sprong gie der net oerhinne. Riemer Durk Krol fan Heech (17.18 meter) en Minne Smit fan Winsum (16.51 meter) wurde twa en trije.
Maureen Poiesz © Martin de Jong

Finale: Brandsma ynienen op 1

Yn de finale krijt Ysbrand Galama ynienen grutte konkurrinsje fan Nard Brandsma. Ysbrand Galama wit it earste plak net mear te behâlden, wylst Brandsma in knappe 21.07 en dêrnei ek noch in 20.04 meter springt. It betsjut dat de top trije ynienen is: Brandsma (21.07 meter), Galama (20.89 meter) en Stellingwerf (19.55 meter).
By de jonges feroaret der yn de finale neat mear oan de stân: Steensma (18.42 meter) hâldt syn earste plak, folge troch Broekstra (18.16 meter) en Veenstra (15.91 meter). Dat jildt ek foar de famkes mei Haanstra (13.88 meter), Westert (13.07 meter) en Van der Weij (13.03 meter).
By de junioaren is de top trije: Haanstra (18.44 meter), Smit (17.38 meter) en Krol (17.18 meter). En by de froulju docht bliken dat Poiesz écht in geweldige jûn hat mei in sprong fan 15.54 meter. Sy is nûmer ien, folge troch Rispens (15.03 meter) en Reitsma (13.82 meter).
Nard Brandsma © Martin de Jong