Friezen regiokandidaten NL

© Groenewold reklamebureau
Riedslid Dirk Tuithof fan Gemeentebelangen Hearrenfean stiet as twadde op de list fan de nije politike partij Nederland Lokaal. Dat is dan wol allinnich foar de kieskring yn Fryslân. Op trije stiet Sierd de Boer fan Ooststellingwerfs Belang út Appelskea en fjirde op de list is Fred de Groot fan Smallingerlands Belang út De Pein. De list wurdt oanfierd troch in lanlike listlûker en dat is Ton Schijvenaars. Nederland Lokaal is oprjochte om de lokale partijen yn de Twadde Keamer te fertsjintwurdigjen.