Autobrân oan de Achterwei by Moarre
Oan de Achterwei by Moarre is sneontemiddei in auto folslein útbaarnd. De bestjoerder wie by de greide oan it riden, doe't syn auto yn 'e brân rekke. De brânwacht is oproppen en de brânwachtlju hawwe it fjoer dêrnei útmakke.
Der kaam in soad reek frij by de brân. Hoe't dy brân krekt ûntstean koe, is net bekend.