FIDEO: Fierljeppen yn Winsum

De fierljeppers wiene sneon yn Winsum foar de sânde wedstriid fan it seizoen. Topfavoryt wie Ysbrand Galama, dy't earder dit jier yn Winsum in dik nij persoanlik rekôr fan 21.53 meter delsette en al fjouwer wedstriden op rige wist te winnen. De 1e klasse sette om 18.30 oere útein. Omrop Fryslân fersoarge in livestream, te folgjen fia de webside, app en YouTube. It kommentaar wie fan sportferslachjouwer Freark Wijma en analist Hendrik Murk Haanstra.

Livestreams Fierljeppen

Omrop Fryslân fersoarget dizze simmer alle wykeinen in livestream fan it ljeppen yn de 1e klasse.
Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere en binne werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube op ús webside en de Omrop-app.
It FK fierljeppen is op 5 septimber yn Winsum en it NK is op 19 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen wurde live útstjoerd troch Omrop Fryslân op tv.