Toeristen sykje it skaad op tusken de Gaasterlanner bosken

Op kamping De Waps yn Aldemardum is it drok. It is dêr sneon wikseldei en minsken út it hiele lân sykje it skaad op tusken de Fryske bosken. Dochs bliuwe de measte minsken net op de camping sitten. Eigener Patrick Jaasma: "Ik zie toch wel dat veel mensen even op pad gaan, ze gaan even fietsen of naar het strand."
Drokte yn Gaasterlan
De camping sit foar de kommende wiken fol, mar dêr is op de camping sels net in soad fan te sjen, sa seit Ids Fopma. Hy en syn frou geane al jierren nei de camping. "De plakken binne hjir sa rom en hielendal ôfsletten fan inoar, je kinne hjir dus noflik op je eigen plakje sitte'', seit Fopma. Hy en syn frou bliuwe lekker de hiele dei op de camping sitten.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Debby van Merode út Noard-Brabân bliuwt mei it húshâlden ek op de camping. Sy binne dochs wol in bytsje benaud foar fersprieding fan it coronafirus. "Ik werk zelf in de zorg en mijn dochter heeft net corona gehad, dus wij gaan geen risico lopen. Als het rustig is zoeken we wel een mooi plekje uit, maar als het te druk is blijven we lekker op de camping."
Geertje Holtrop sit mei har twa jonges Melle Melle en Tijl by de tinte. De jonges hawwe it op de kamping wol nei de sin. "Ik krij de jonges mei muoite fan de camping ôf, sy hawwe hjir genôch te dwaan," seit Geertje. Dat fine de bern sels ek. Tijl: "Ik speel hier met andere kindjes en we kunnen in bomen klimmen. Oh, en we hebben kikkervisjes gevangen!"
Geertje fertelt dat sy, nettsjinsteande corona, net bang binne om op 'en paad te gean. "Hjir yn Fryslân kinst oeral genôch ôfstân hâlde, dus wy bliuwe net thús fanwegen corona." En der binne mear, want op it strân by it Murnzer Klif is it drok.
Drokte by it Murnzer Klif © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers