Part fargeul noch net útdjippe

13 jul 2012 - 19:33

In part fan fargeul 'de Boontjes' tusken Harns en Koarnwertersân kin dizze hjerst dochs net útdjippe wurde, fanwege in probleem mei liedingen en kabels. It ryk en de provinsje praten nei jierrenlange prosedueres ôf dat de fargeul dit jier útbaggere wurde soe. Yn de Boontjes sit oer in ôfstân fan twa kilometer in ûndjipte. Dat smyt grutte problemen op foar skippen dy't nei de haven fan Harns moatte.

Trefwurden: 
boontjes fargeul
(advertinsje)