Tresoar krijt brief út 1826 oer malaria-epidemy: “Huis aan huis zieken”

08 aug 2020 - 17:28

Histoarysk sintrum Tresoar hat koartlyn in bysûndere brief út 1826 yn de kolleksje krigen, skonken troch in ynwenner fan It Hearrenfean. De brief is skreaun troch Lambertus van Giffen (1807-1898) fan It Hearrenfean en giet oer de malaria-epidemy fan 1826 dy't nei in wettersneed ûntstien wie. De situaasje fan doe liket neffens Tresoar op de coronakrisis fan hjoed-de-dei.

De wettersneed fan 1825 by Wolvegea op in print fan Abraham Vinkeles - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De malaria-epidemy waard doedestiids ek wol de 'Grinzer sykte' neamd. Nei alle gedachten ûntstie de epidemy nei de dyktrochbraken fan 1825. Troch dy wetterramp stiene grutte parten fan Nederlân en Dútslân ûnder wetter. Benammen it súdwesten fan Fryslân hie hiel wat te lijen. Dêrnei folge in hjitte maitiid en it rotsjen fan planten en bisten op it wiete lân nei de ramp makke dat de koartsneef ('malariamug') en de malariaparasyt harren goed ferspriede koene.

Tûzenen minsken waarden siik, ek yn Fryslân. Ien fan harren wie David Flud van Giffen (1760-1843), predikant op It Hearrenfean en de heit fan Lambertus. Dy skriuwt syn brief op 17 oktober 1826 oan in broer en sus. Syn heit knapt dan al wat op.

Goeddiedigens

De 19-jierrige Van Giffen hat ek fêstlein dat der goeddiedigensinisjativen opset waarden yn en om It Hearrenfean. Sa wie der in kommisje dy't jild en guod sammele, wêrûnder '80 mans- en 80 vrouwenhemden en verscheidene wollen dekens om in St. Johannesga uit te deelen.' Lambertus skriuwt dat der 'in St. Johannesga, Rottum en nog andere plaatsen huis aan huis zieken zijn.'

Lambertus wie in teologystudint yn Grins. Hy hie heard dat dêr noch 14.000 sike minsken wiene. Dochs hope er dat de kolleezjes yn de rin fan novimber wer úteinsette soene. Dat wie úteinlik yn desimber wer it gefal. Trije jier letter waard Lambertus dûmny yn Wikel.

De brief fan Lambertus van Griffen - Foto: Tresoar
(advertinsje)
(advertinsje)