Toerisme op Flylân dwaande mei ynhelslach

08 aug 2020 - 16:52

It toerisme op de Waadeilannen is dwaande mei in ynhelmanoeuvre. Hotels, fakansjehúskes en apparteminten sitte hast allegearre fol. De VVV op Flylân hie it earder dit jier drok mei annulearingen, no mei nije boekingen. "Je kunt geen overnachting meer krijgen. Alleen op camping Stortemelk is nog ruimte. Vanwege de coronamaatregelen worden er veel minder kampeerders toegelaten," seit Annie Beiboer fan de VVV.

"Verder valt op dat er veel nieuwe gasten zijn die Vlieland voor het eerst bezoeken omdat ze niet naar het buitenland kunnen vanwege de corona. We hopen dat die toeristen volgend jaar weer terugkomen," seit Beiboer.

Rederij Doeksen bringt dizze dagen tûzenen toeristen nei Skylge en Flylân. It moaie waar lûkt in soad minsken nei de eilannen. Dochs makket dizze drokte it minne foarseizoen troch corona net goed. "We hebben een slecht voorseizoen gehad. We halen dat niet meer in, het wordt een slecht jaar. Toch zijn we nu blij met het mooie weer. Dat maakt nog een beetje goed," seit direkteur Paul Melles fan Doeksen. Sa is de moanne july ferlykber mei ferline jier.

Toeristen kontrolearje

Wylst yn de rest fan Nederlân it tal coronabesmettingen tanimt, is Flylân noch hieltyd frij fan it firus. Eltse wike wurde sa'n 20 toeristen met klachten kontrolearre toch de húsdokter mar de testen binne oant no negatyf. Mar dat kin gau feroarje, want de 6.000 toeristen op Flylân komme oeral wei, seit boargemaster Tineke Schokker. "Wy hâlde der rekken mei dat it hjir ek hinne komt. Dat is spannend." Der lizze ferskate senario's klear foar as der in útbraak komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)