Jong Famme Partij: Grins wint foar de tredde kear striid om de gouden klaver

08 aug 2020 - 16:53

De froulju fan Grins hawwe foar de tredde kear op rige de Jong Famme Partij wûn. Dat diene Anne Monfils, Hiske Zeinstra en Aletta van Popta yn de finale mei 5-2 en 6-2 fan Makkum. De Jong Famme Partij waard foar de 17e kear holden op it sportfjild fan Mantgum, organisearre troch keatsferiening Jacob Klaver. De partij begûn in oere earder fanwegen de hjitte en der waarden in soad petten wietmakke troch de spilers foar wat ferkuolling.

De ôfrûne twa jier waard de stêd Grins ek al winner, dêrfoar wie it twa kear Wommels. De Jong Famme Partij is in ôfdielingswedstriid foar famkes oant en mei 21 jier. De partij is bedoeld as stimulâns foar it keatsen foar froulju.

Grins wist al gau in plak yn de finale te bemachtigjen, de froulju hawwe mei 5-1 6-4 fan Easterein (Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jeska Terpstra) wûn. It slagget Makkum (Larissa Smink, Anouk Smink en Kim Dijkstra) yn de heale finale om mei 5-5 6-2 fan Wommels (Rixt Wijnia, Sjanet Wijnia en Martzen Deinum) te winnen.

De finale gie dus tusken Grins en Makkum. Foar Grins stiene Anne Monfils, Hiske Zeinstra en Aletta van Popta op it fjild, ûnder keatsferiening Wezon De Sterke Arm.

Oars as oars

Der stiene 17 partoeren op de list. De 17e Jong Famme Partij is sneon in oere earder úteinset. Earst stiene de wedstriden nei 10.00 oere op de planning, mar fanwegen de hjitte is dat ferskood nei 9.00 oere. It wie al oars as oars, om't de wedstriden oars altyd yn juny holden wurde. Mar fanwegen it coronafirus koe dat net trochgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)