Freulepartij giet troch: genôch oanmeldingen

08 aug 2020 - 15:36

It keatsbûn KNKB hat sneon bekendmakke dat de Freulepartij definityf trochgean kin. Tongersdei wie it bûn noch op syk nei ien partoer. Der wiene 31 oanmeldingen, wylst der eins 32 nedich wiene. No binne der dus genôch.

De Freulepartij yn 2018 - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Tjeerd Dijkstra die tongersdei al in oprop foar ferieningen. De Freulepartij stiet foar 19 septimber op de planning. "Er zijn voldoende parturen en er is met man en macht gewerkt aan een goede wedstrijd agenda met afdelingswedstrijden," hat de KNKB witte litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)