De Fryske Marren warskôget foar drokte yn Langwar en by strân De Lemmer

08 aug 2020 - 15:20

Gemeente De Fryske Marren freget rekreanten fia sosjale media mei klam om rekken te hâlden mei de drokte en de coronamaatregels. Neffens de gemeente is it yn Langwar tige drok yn it sintrum. En op De Lemmer is it parkearterrein foar it strân oer ynstusken hielendal fol. Dat wie freed ek al it gefal.

De Buorren yn Langwar op in rêstige dei - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Minsken wurdt frege om eventueel in alternatyf te betinken foar it strân en de drokte te mijen.

Argyffoto fan it Lemster Strân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)