Brêge Eastermar yn steuring; skipfeart beheind mooglik
De brêge oer De Lits yn Eastermar kampt mei in steuring en wol net mear omheech. Skipfeart is dêrtroch beheind mooglik. It oare ferkear kin gewoan oer de brêge ride. De oarsaak fan de steuring is net bekend. Monteurs wurkje op dit stuit oan in oplossing.