Blau Wyt-fuotballer op proef by beloften De Graafschap

Kayin Kleefstra fan Blau Wyt '34 yn Ljouwert traint de kommende wike mei de beloften fan De Graafschap mei. De 23-jierrige fuotballer is troch de Doetinchemse klup útnûge om in wike op proef te kommen. Snein traint Kleefstra foar it earst mei de Superboeren mei.
FH KK Kayin Kleefstra
It is in bysûnder ferhaal, want hoe komt De Graafschap no út by in Ljouwerter fuotballer? Kleefstra hat in fuotbalskoalle wêrmei't er training jout oan proffuotballers, mar ek oan jeugdspilers. "De vader van een jong talent van Blauw Wit heeft zo zijn contacten. Die heeft mij aangeraden bij De Graafschap en zo ben ik daar terechtgekomen. Ik heb er heel veel zin in", fertelt Kleefstra, dy't yn Ljouwert as middenfjilder spilet.

'Aanpoten'

Nettsjinsteande de simmerstop hat Kleefstra de lêste wiken in soad foar himsels traind om fit te wêzen foar de staazje yn Doetinchem. "Het zal aanpoten zijn inderdaad."
Hy tinkt dat de coronaperioade ek ynfloed hân hat op de útnûging fan De Graafschap. "Ik denk dat het komt door de periode waarin we zitten. Clubs hebben niet veel geld en dan krijg je dus dat een speler uit het niets zomaar iets kan worden. Zo zijn er wel wat voorbeelden geweest en is het kijken of ik een van die voorbeelden kan worden."
© X-lent for you
Kayin Kleefstra