GGD: ien persoan besmette 14 oaren op feestje yn Dokkum

08 aug 2020 - 12:36

Ien persoan hat 14 oaren op itselde feestje yn Dokkum besmet. Dat meldt GGD Fryslân. Freed waard al bekend dat njoggen minsken troch ien en deselde persoan besmet wiene. Oan dizze saneamde 'coronakluster' binne dus nochris fiif persoanen taheakke dy't posityf testen op it coronafirus.

Foto: Shutterstock

GGD Fryslân giet fierder mei it boarne- en kontaktûndersyk, al is de ferwachting dat de measte belutsenen no yn byld en test binne. Ek binne de ôfrûne dagen al maatregels troffen om fersprieding foar te kommen trochdat minsken yn karantêne gien binne.

De rûngong fan it firus begûn foarige moanne op in feestje yn húslike rûnte dêr't ien persoan oanwêzich wie dy't corona by him droech. Ut ûndersyk docht bliken dat it firus him dêrnei benammen op in terras yn de bûtenloft ferspraat hat. Sa't it der no útsjocht, koene de measte belutsen jongeren elkoar.

GGD Fryslân seit mei klam dat de coronakluster yn Dokkum dúdlik makket dat it fan grut belang bliuwt om ek yn de bûtenloft foldwaande ôfstân te bewarjen.

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân die sneon in driuwende oprop oan benammen jongerein om by klachten thús te bliuwen en te tsten.

(advertinsje)
(advertinsje)