Winner Gouden Swipe ferrassing

13 jul 2012 - 18:39

De striid om de Goude Swipe, op 'e Jouwer is freed wûn troch it hynder Andrea Swagerman en waard beriden troch Chantal van Ooijen. De winner op de Swipedei wie foar in soad minsken in ferrassing. Dêrtoch waard der ek net folle op it hynder gokt. De Swipedei hat dit jier minder besikers lutsen. Grutte spulbrekker wie fansels it minne waar.

(advertinsje)