Feangreideproef smyt pas op de langere termyn wat op

08 aug 2020 - 12:06

Klaai minge mei fean om de boaiemdelgong yn it feangreidegebiet tsjin te gean: dat is de kearn fan in proef op in buorkerij yn Dolsterhuzen dy't freed offisjeel úteinsette yn oanwêzigens fan ûnder oaren deputearre Douwe Hoogland en de ferstjintwurdiger fan sân boereorganisaasjes, Geert Benedictus.

It duorret lykwols 10 jier foar't dúdlik is oft de praktykproef by Dolsterhuzen echt wurket. Dêr wurdt besocht mei klaai it fean sa te bewurkjen dat benammen de boaiemdelgong in kwart oant de helte stadiger ferrint, mei ek gefolgen foar de C02-útstjit dy't ûntstiet as it fean bleatsteld wurdt oan soerstof.

Alde situaasje werstelle

De boaiemdelgong en de tanimmende CO2-útstjit bart om't de wetterpeilen ea werombrocht binne ta 90 sintimeter oant in meter ûnder Nieuw Amsterdams Peil (NAP). Dat waard dien om boeren te helpen it lân te bewurkjen mei bytiden behoarlik swiere masines. Om't de grûn ynklinkt troch dy lege peilen moat it wetterpeil wer nei ûnderen om de âlde situaasje te werstellen, wêrnei't it hiele proses opnij begjint oant it fean fuort is.

It ferheegjen fan it peil om dit te kearen, liket dan de effektyfste oplossing, mar it is ûnwis oft dat helpt op perseelnivo. En de boeren hawwe dan in probleem om't it lân te weak wurdt. Dêrom binne se wiis mei de proef by Dolsterhuzen, want dêrby hoecht it peil net omleech.

"Der moat wat barre en fluch ek"

In nij en bykommend probleem is no wol dat der al yn 2023 de earste maatregels naam wurde om de problemen fan de feangreidegebieten op te lossen, sa makke deistich bestjoerslid Jan van Weperen freed dúdlik. Dat is eins te betiid om de resultaten fan de proef deryn te belûken. Want de proef rint dan noch en dus binne de útslaggen noch net bekend.

Deputearre Douwe Hoogland fan de provinsje Fryslân is helder. Der moat wat barre en fluch ek. "It hiele proses om ta oplossings te kommen foar de delgong fan it feangreidegebiet stiet ûnder druk om't it kearen fan al dy C02 út it fean in wichtige rol spilet yn ús nasjonale plannen om de opwaarming fan de ierde safolle mooglik te beheinen."

Demonstraasje fan it fersprieden fan de klaai - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Heech as it kin, leech as it moat", sa seit Benedictus oer it takomstich wetterpeil yn it feangreidegebiet. As fertsjintwurdiger stiet hy derfoar dat dy boeren yn de feangreidegebieten in takomst hawwe. Wat de saken komplisearret, is dat troch klimaatferoaring der no al problemen binne mei drûchte.

Wetterskipsbestjoerder Van Weperen sjocht in tekoart oan swiet wetter ûntstean. Neffens in stúdzje lûke de feangreidegebieten no al wetter oan fan de hegere sângrûnen en sâlt wetter út see.

Dêrom soene hegere peilen eins dochs in wichtich part wêze kinne fan hokker oplossings dan ek. Van Weperen fielt wol wat foar de ynset fan lânynrjochtings yn gebieten mei noch in dik feanpakket om ien en oar te regeljen. De boeren wolle lykwols gjin 'generike peilferheging' en binne net oertsjûge fan de modelberekkenings dy't op de lange termyn in fersilting foarsizze fan it grûnwetter.

Yn groepen ferdield wurdt de proef taljochten - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)