Oefenwedstriid VV Bûtenpost-Harkemase Boys skrast fanwegen corona

08 aug 2020 - 11:52

De oefenwedstriid tusken VV Bûtenpost en Harkemase Boys giet sneontemiddei net troch. Dêr hat it bestjoer fan Bûtenpost op it lêste momint ta besletten, om't der by ferskate klups yn de regio spilers test binne op it coronafirus.

Foto: Google Street View

Foarige wike sneon waard in fuotbalwedstriid fan VV Kollum noch stillein, om't ien fan de spilers besmet wie mei it coronafirus. Dy spiler wie lykwols net oanwêzich by de wedstriid. Fjouwer ploechgenoaten giene yn karantêne. Ek twa spilers fan VV Dokkum binne besmet mei it coronafirus.

Dat joech foar VV Bûtenpost en Harkemase Boys de trochslach om de wedstriid fan sneon net trochgean te litten. "Dan wordt het wel heel link. Er staat veel op het spel voor de spelers", leit Rudi Stuursma, plakferfangend foarsitter fan VV Bûtenpost, út. "Wij verwachten zaterdagmiddag ook heel veel toeschouwers. Zolang er geen zekerheid is dat de spelers negatief testen, willen we dat risico niet lopen."

As de útslach fan de tests negatyf is, gean de trainings wer fierder. Tiisdeitejûn stiet der in oefenwedstriid tusken VV Bûtenpost en FC Burgum op it programma. "Als de uitslag negatief is, gaat die gewoon door", beslút Stuursma.

Rudi Stuursma, plakferfangend foarsitter fan VV Bûtenpost

(Advertinsje)
(Advertinsje)