Omrop TIP: Fierljeppen Winsum LIVE

08 aug 2020 - 10:13

De fierljeppers binne sneon yn Winsum foar de sânde wedstriid fan it seizoen. Topfavoryt is Ysbrand Galama, dy't earder dit jier yn Winsum in dik nij PR fan 21.53 meter delsette en al fjouwer wedstriden op rige wist te winnen. De 1e klasse set om 18.30 oere útein. Omrop Fryslân fersoarget in livestream, te folgjen fia de webside en de app. It kommentaar is fan sportferslachjouwer Freark Wijma en analist Hendrik Murk Haanstra.

Foto: Brent de Jong

Livestreams Fierljeppen

Omrop Fryslân fersoarget dizze simmer alle wykeinen in livestream fan it ljeppen yn de 1e klasse.

  • Sneon 8 augustus Winsum
  • Sneon 15 augustus Gryptsjerk
  • Sneon 22 augustus Drylts

Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere en binne werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube, op ús webside en de Omrop-app.

It FK fierljeppen is op 5 septimber yn Winsum en it NK is op 19 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen wurde live útstjoerd troch Omrop Fryslân op tv.

Trefwurden: 
fierljeppen Winsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)