Wettersteuring yn Ljouwert en omkriten ferholpen

De wettersteuring dêr't in part fan Ljouwert sûnt freedtejûn mei kampte, is ferholpen. Fan in oere as 19.30 ôf sieten in soad minsken sûnder wetter. It duorre likernôch 2,5 oere foar't it probleem oplost wie.
© ANP
"Vrijdagavond viel de druk weg tussen Noardburgum en Leeuwarden, waardoor een groot deel van Leeuwarden en daaromheen zonder water zat", leit Cornelis Vlot fan Vitens út. Earst waard tocht dat de oarsaak in lek wie. "Maar het euvel zat in de productielocatie in Noardburgum. Het zat hem in de aansturing van de systemen."
Fan in oere as 22.00 oere ôf koe Vitens de druk stadichoan wer opfiere. Twa-en-heal oere sûnder wetter op in pykmomint fan de dei yn in hjitteweach is lykwols fier fan ideaal. "Soms vind je de oorzaak van een technische storing heel snel, maar deze keer nam het wat meer tijd in beslag", ferklearret Vlot.
Cornelis Vlot fan Vitens