Ynbrekker oanhâlden nei achterfolging oer dakken yn Drachten

08 aug 2020 - 07:49

Yn de nacht fan freed op sneon is yn Drachten in ynbrekker op 'e die trappearre doe't er ynbruts by in kleanwinkel oan de Zuiderbuurt. De dief pykte út, mar de plysje koe de fertochte nei in achterfolging oanhâlde.

Foto: De Vries Media

Nei't de dief yn de winkel syn slach slein hie, flechte dy oer ferskate dakken om út 'e hannen fan de plysje te bliuwen. De brânwacht en in heechwurker waarden ek ynskeakele, mar foar't dy deroan te pas komme koene, waard de ynbrekker al yn it nekfel grypt.

Om de ynbrekker ûnder kontrôle te krijen, brûkte de plysje pepperspray. Dêrnei koe de fertochte meinaam wurde. It guod dat de ynbrekker bút makke hie, waard weromfûn op it plak dêr't er oppakt waard.

(advertinsje)
(advertinsje)