Auto bedarret yn 'e sleat yn Damwâld

08 aug 2020 - 07:23

Oan de Haadwei yn Damwâld is freedtejûn in auto yn de sleat bedarre. Der rekke gjinien ferwûne. De bestjoerder naam yn syn slip lykwols in soad beamkeguod mei.

Foto: ProNews

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik. Dêr docht de plysje noch ûndersyk nei. Hoefolle persoanen oft der yn de auto sieten, is ek net bekend. Ferskate ynsitters soene troch ambulânsepersoniel kontrolearre wêze, mar ferfier nei it sikehûs bliek foar gjinien nedich.

De dyk hat fanwegen de oanriding foar in part ôfsletten west. De auto is burgen.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld Haadwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)