Cambuur wint útwedstriid fan in klongeljend FC Emmen

07 aug 2020 - 20:59

SC Cambuur hat freed mei 2-5 wûn yn de fjirde oefenwedstriid. De Ljouwerters stiene freed each yn each mei FC Emmen yn it thúshonk fan de tsjinstanner. De oefenwedstriid wie yn De Oude Meerdijk, mar it hat de ploech fan Emmen net holpen oan in oerwinning.

Robin Maulun en Sekou Sidibe - Foto: Orange Pictures

SC Cambuur fleach de wedstriid yn en al nei fiif minuten koene de giel-blauwen it earste doelpunt op harren namme skriuwe. Robert Mühren makke de goal nei in goeie foarset fan Issa Kallon. Dêrnei folge in gefaarlike corner fan de Ljouwerter ploech. Mac-Intosch koe frij ynkopje, mar rekke de bal ferkeard.

De gasthearen fan Emmen wiene ticht by in lykmakker mei in hurd skot fan Sidibe, mar it slagge Stevens om it hachje foar Cambuur te rêden. Nei in oertrêding fan Jacobs krige Cambuur nei in lyts kertier in frije traap, mar Maulun skeat de bal yn de muorre. Ek Kallon wist in oanfal foarinoar te krijen, mar de bal fleach úteinlik njonken de goal. Yn de tuskentiid wie by FC Emmen Peña - dy't in blessuere oprûn - wiksele foar Scholte. Cambuur spile kreas yn it earste healoere.

Nei in lyts drinkskoft tsjinne him hiel rap de 0-2 oan. Wer wie it Robert Mühren dy't skoarde en keeper Van der Lei foarby kaam. Flak foar it skoft folge hast noch in 3-0, mar de foarset wie net te skerp en de bal gie njonken de goal.

Fatale frije traap

Nei it skoft kamen beide ploegen werom mei foar it grutste part nije teams. It siet Cambuur net mei, want Mart Dijkstra krige in giele kaart en in pear minuten letter wist Laursen in frije traap fan de rjochterkant ôf yn de krusing fan it doel fan de Ljouwerters te wurkjen. Ben Moussa kaam ticht by de 2-2, mar Stevens fan Cambuur wist noch krekt in rêding foarinoar te krijen.

Nei in drinkskoft gie it rap

Emmen krige in frije traap, mar Stevens koe de bal noch fuortbokse. Krekt foar in twadde drinkskoft wist Giovanni Korte foar SC Cambuur de 1-3 te meitsjen. FC Emmen wie hoe langer hoe mear oan it klongeljen en dêrtroch koe Dijkstra leech binnen sjitte en de 1-4 meitsje.

Cambuur koe ek noch de 1-5 meitsje, Korte naam de bal goed oan en skeat fia de ûnderkant fan de latte raak. FC Emmen kaam noch wol ien kear werom, Laursen naam in djippe bal goed oan en koe dy oer de keeper krije. Folle koe it net mear úthelje, want de wedstriid einige yn 2-5.

Henk de Jong:

Henk de Jong

Giovanni Korte:

Giovanni Korte

1e helte:

Opstelling SC Cambuur: Stevens (k), Mac-Intosch, Hoedemakers, Kallon, Jacobs, Nieuwpoort, Maulun, Mühren, Sambissa, Antonia, Ter Heide

Opstelling FC Emmen: Van der Lei, Payne, Araujo, Bakker, Cavlan, Chacon, Sabani, Sidibe, Peña, Jansen, De Leeuw.

2e helte:

SC Cambuur: Stevens, Schmidt, Van der Kaap, Dijkstra, Bangura, Breij, Akoy, Oratmangoen, Korte, Ladan en Paulissen.

FC Emmen: Van der Lei, Bijl, Timmerman, Veendorp, Görgülü, Ben Moussa, Tibbling, Laursen, Aalderink, De Vos, Kolar.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Emmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)