Skilders hawwe drege simmer

13 jul 2012 - 17:02

Skilders en strjitlizzers ha bot te lijen fan it wiete waar dizze simmer. In soad bûtendoar wurk kin net of amper dien wurde. Opdrachten wurde ôfsein of útsteld fanwege it minne waar, en rinnende projekten rinne fertraging op. Fral lytse klusbedriuwen en selstannigen, de ZZP'ers, wurde de dupe.

Fral lytse bedriuwen en ienmanssaken wurde troffen troch it minne waar, sa leart in belrûntsje lâns ferskate bedriuwen. Sy binne kwetsber, wurde minder ynhierd en ha ek net de middels om, lykas yn it gefal fan skilders, steigers yn te pakken.

Ferline jier hâlde it ek al net oer yn de simmer, en dan is it ek nochris krisis. De problemen geane op 't heden dûbelop foar de skilders.

(advertinsje)