Wettersteuring yn Ljouwert troch mankemint: wetterdruk komt stadich werom

It sintrum fan Ljouwert hat sûnt 19.30 oere te krijen mei in wettersteuring. Minsken hawwe hast of hielendal gjin wetterdruk. Neffens wetterbedriuw Vitens hat bliken dien dat it om in technysk mankemint yn in pompstasjon yn Noardburgum gie. De wetterdruk moat stadichoan weromkomme, mar dat kin efkes duorje.
© ProNews
Ek bûten it sintrum hawwe minsken te krijen mei de steuring. Yn Burgum is der ek in wettersteuring troch deselde leidingbrek. Hoe grut de steuring krekt is, is noch net bekend. Yn ferskate supermerken binne in soad flessen wetter ferkocht.