Provinsje wol mear kultuersubsydzje: "54 persint nei Amsterdam, dat kin net"

Fryslân, en eins hast alle gebieten bûten de Rânestêd, komme der wol hiel bekaaid ôf yn de ferdieling fan de subsydzjejilden fan it Fonds Podiumkunsten. Dizze wike waard bekend wêr't de bedraggen hinne gean, en dan sjogge je dat 86 persint nei selskippen yn it westen giet, Amsterdam spant de kroan mei mar leafst 54 persint. De lulkens yn 'de regio' is grut.
© Shutterstock.com
Deputearre Sietske Poepjes is net wiis mei de útkomsten. "Op 19 augustus haw ik in oerlis mei alle kultuerdeputearren yn IPO-ferbân (InterProvinciaal Overleg) om Den Haag dúdlik te meitsjen dat dit echt net kin. De Twadde Keamer moat de minister korrizjearje. It is ek moai dat Pieter Omtzigt der fragen oer steld hat, want it stiet heaksk op wat de minister earder sein hat oer geografyske sprieding. Dat net alles nei de Rânestêd bedarret. It lanlik regearakkoart seit ek noch dat kultuer tagonklik wêze moat. Dat jildt net inkeld foar de ring Amsterdam. Dus der is noch wurk te dwaan. Mar it is bitter en net terjochte."
Dêrom is it tiid foar aksje. "Je komme faak net sa folle fierder mei jittik. Mar wy sille wol mei oare kultuerdeputearren in sinjaal nei Den Haag jaan. Ek sa'n aksje as #bordvoorjekop op sosjale media is konfrontearjend en ek grappich. Sokke aksjes helpe mear."
Dat de bepaling foar regionale sprieding foar it Fonds Podiumkunsten derút helle is, fynt Poepjes net goed. Neffens har hawwe der minsken sitten te sliepen. "Ik wol wolris witte wat der no echt bard is. Want ik hear ek ferhalen dat de direkteur fan it Fonds Podiumkunsten it der sels út helle hat. Hjir moat efkes it fergrutglês op. Foar 23 augustus wol Omtzigt antwurd fan de minister. Foar it Noarden is dit net goed."

#bordvoorjekop

De Fryske Dirk Bruinsma is artistyk lieder fan de PeergrouP yn Drinte. Sy krije ek gjin subsydzje. "Wy hawwe in posityf advys krigen, mar krije gjin jild. Der wurdt al langer besunige op kultuer. Wy steane no krekt foar in nije perioade oer 2021-2024. Eltsenien moast dêrfoar in subsydzjeoanfraach yntsjinsje. Der is romte kaam foar nijkommers. Dat is fantastysk, mar der moat ek snien wurde. Dat wurdt yn de middenmoat dien. Lykas by selskippen as dy fan us. Wy begripe it net en wy binne it iennige selskip út Drinte wei. It kin gewoan net sa wêze dat 54 persint nei Amsterdam giet. Der moat echt mear jild nei de regio."
Mar Bruinsma lit de skouders der net by hingje. "Wy hawwe in aksje #bordvoorjekop. Wy freegje minsken om in foto te meitsjen mei in boerd of panne foar de holle. Dy kinne se ynstjoere. Wy roppe eltsenien op dy't leafhawwer is fan kultuer: doch mei yn dizze aksje."
Dirk Bruinsma en Sietse Poepjes