Noed oer takomst de Kruidhof yn Bûtenpost no't túnkafee ynkoarten slút

De fraksje fan de ChristenUnie yn de gemeente Achtkarspelen hat fragen steld oan it kolleezje oer de oankommende sluting fan it túnkafee fan botanyske tún de Kruidhof yn Bûtenpost.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It túnkafee, fan eksploitant Dirk Koopmans, is fan doel op 30 augustus de doarren te sluten. Dat hat alles te krijen mei it coronafirus. Neffens Koopmans kin it finansjeel net út om it túnkafee noch langer iepen te hâlden.
De fraksje fan de ChristenUnie wol fan it kolleezje witte oft der meitocht is mei de eksploitant. Ek makket de fraksje him soargen oer de takomst fan de Kruidhof, as it kafee aansten ticht is.