FIDEO: Simmerwaarmte yn Fryslân

07 aug 2020 - 17:40

It is in dei mei simmerwaarmte yn Fryslân, en dy hjitte hâldt earst noch net op. It soarge der freed foar dat it yn Makkum tige drok wie: der wie spesjaal in ferkearsregelder oan it wurk en minsken moasten wol in kertier nei it strân rinne by de auto wei. By it swimbad yn Wytmarsum mochten der mar 250 man de kear yn it wetter lizze fanwege de coronamaatregels. En dêrom twivelen guon wol oft sy wol swimme moasten of net: "Moatte wy dit wol dwaan?"

Trefwurden: 
Fryslân simmer hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)