Skriezekeninkryk by Idzegea

13 jul 2012 - 16:48

De skries krijt in eigen keninkryk. By Idzegea wurdt 20 bunder greide folslein nei de winsken fan de skries ynrjochte. Dit wurdt sa dien dat der foar de boeren ek noch jild oan te fertsjinjen is. Bygelyks troch der in toeristyske attraksje fan de meitsjen.

It gebiet is ûnderdiel fan it projekt Kening fan 'e Greide. Dat projekt is betocht troch ferskate natoerorganisaasjes, kulturele ynstellings en ûnderwiisynstellings. Foardat it gebiet ynrochte wurdt, wurdt earst de stipe socht fan it grutte publyk mei ûnder oare in útstalling en muzyk.

Al mei al kostet it projekt mear as 6 miljoen euro. Dat jild soe mooglik fan de Postcode Loterij komme kinne. De oanlieding foar it projekt is it feit dat guon greidefûgels de lêste jierren bot achterút geane.

(advertinsje)