25 jier Kameleondoarp Terherne: de nije Hielke en Sietse komme út Utrecht

Yn totaal 16 miljoen ferkochte boeken, twa spylfilms, in tv-searje en in Kameleondoarp yn Terherne dat 25 jier bestiet. Dat is de opbringst fan de aventoeren fan Hielke en Sietse Klinkhamer troch de jierren hinne. Fan freed ôf is it in wike lang feest yn it Kameleondoarp. Freed binne de 'nije' Hielke en Sietse bekendmakke, de jonges dy't de twilling yn de nije film spylje.
Kameleondoarp Terherne
Freed is de ôftraap fan de aktiviteiten mei de ûntbleating fan de Kameleonboat op it nije 'Kameleonplein' yn it doarp en fertelle Hielke en Sietse oer de nij Kameleonfilm dy't dizze simmer opnaam wurdt. Der binne ferskate attraksjes delset.
Yn 1995 is it Kameleondoarp yn Terherne oprjochte troch in groep entûsjaste minsken út it doarp. Dit nei oanlieding fan in priis dy't skoalbern oan de skriuwer fan de Kameleonboeken, Hotze de Roos, jûn hawwe, om't se syn boeken it moaiste fûnen.

Hielke en Sietse út Utrecht

'Hielke en Sietse' wiene sels yn Terherne om te fertellen oer de nije Kameleonfilm, dy't dizze simmer opnommen wurdt. De jonge akteurs hjitte Sens en Imme Gerritsen. Sy binne 14 jier âld en komme út Utrecht.
Kameleondoarp yn Terherne © Omrop Fryslân