'Trochjougedicht' is klear: 14 dichters fan RIXT wurken deroan op it Skriuwersarkje

07 aug 2020 - 17:13

It is deze freed de grande finale fan it trochjougedicht. Sûnt ferline wike wienen dichters fan dichterskollektyf RIXT dwaande om in gedicht te meitsjen. In wike lang sieten twatallen yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde by De Feanhoop om te wurkjen oan it gedicht. Dichter Cornelis van der Wal hat de earste strofe skreaun en oare dichters joegen dêr in ferfolch oan.

Yva Hokwerda en Jan Kooistra - Foto: Geart Tigchelaar

Dichter Geart Tigchelaar hat it projekt de hiele wike folge en ek foto's makke. Hy sjocht tefreden werom. "It wie fansels wol ferskillend mei 14 dichters en Cornelis van der Wal dy't it startsein joech. De measten koenen inoar net dus nei it oankommen praten se koart om mei inoar yn de kunde te kommen. En dan praten se oer it fers, hoe't se tsjin de eardere strofen oanseagen en hokker rjochting it út moast. En yn koarte tiid moasten se dêr útkomme."

It wie hiel aardich om te folgjen. "Meastentiids sitst allinne te skriuwen en dat wie no tegearre dus." It dichterskollektyf ken aardich wat skriuwers en dit wie in moaie manier om mei inoar yn de kunde te kommen. "Sa yn it arkje hat dat goed útpakt. Se seinen allegear dat it foar werhelling fetber wie, dus dat is moai om te hearren."

Geart Tigchelaar fan dichterskollektyf RIXT

Lês hjir it folsleine fers:

De bui


De mar nimt de bui net
en do joust gjin antwurd.
Boppe ús beiden driuwe
wolken dy't gûle wolle.

Under ús de feanbrân,
dyn eagen doarmje ôf.
Ik freegje it reid om ried.
It rommelet yn 'e fierte.

Faaks moat ik wei fan dy.
Lit de mar de mar en skûlet
in skjin rekest yn falleien fan omfierrens wei
dêr't tonger rôlet mei in oare stim

as dy dêr't ik my fan benearje lit.
Wol ik it fjoer beswarre
wylst it yn myn wêzen ferankere leit,
of spjalt it hjit de stobbe sisterjend?

leafst my noch haw ik dy frege
dyn swijen is it antwurd dat myn siel ferbalderet
it wjerljocht twingt in brekline ôf
en kliuwt de mar klinysk yn gaos.

Witwêrsanne wolket loft.
Ik wol net langer as in rider
op blak wetter rûntsjedraaie
wachtsjend op in weach fan dy
lit ik alles achter. Lottere is it klear
foar my. De mar nimt de bui net
mar do hast my mar te nimmen.

Hiest my mar naam. Do bluister-flarde,
ik triuw ús ielstikeljen no ôf. In wetterjuffer
riert de himelhûd oer de plûmpe oan.
It lûd fan de kloet laket. Ik haw ús sjoen.

Ik seach dyn eagen neat mear freegjen,
ik seach de marren dy't net nimme.
Ik skriuw wer ljochttaal út blakstil,
wit dat ik mei swarte swannen driuwe sil.

Dizze twatallen wurken oan it gedicht:

  • Janneke Spoelstra, Rein de Lange
  • Kate Schlingemann, Edwin de Groot
  • Anne Heegstra, Simen de Jong
  • Carla van der Zwaag, Tialda Hoogeveen
  • Ypie Bakker, Tsjisse Hettema
  • Dirk Geerdink, Syds Wiersma
  • Yva Hokwerda, Jan Kooistra

It gedicht komt ek op de webside fan RIXT en der komt ek noch in filmke by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)