Hoareka op 'e Lemmer moat gasten registrearje: "Wy wurde in bytsje plysjeman"

07 aug 2020 - 15:55

It kabinet skerpet de coronaregels foar de hoareka oan. Fan takom moandei ôf moatte gasten harren registrearje litte. Tal fan hoarekasaken op 'e Lemmer binne dan ek drok dwaande om gastelisten te meitsjen. Ek is der in soad ûndudlik foar harren. "Eltse kear as der wer in parsekonferinsje is, begjinne je 'm as hoarekaman al te knipen," seit Auke van der Heide fan De Specerij.

Oanskerping regels yn de hoareka

Wér oan bar

Oan de kade yn it sintrum op 'e Lemmer sitte meardere hoarekasaken njonken inoar. By alle saken komt it toerisme wer op gong. In soad minsken drinke en ite wat en dat is nei moannen fan sluting wol wolkom.

"We hiene it moai op 'e rit," begjint Van Der Heide syn ferhaal. "Mar dan komt dy parsekonferinsje wer en witte je dat de hoareka oan bar is. Wy binne neffens my altyd as earste mei de maatregels. Ik snap dat se der binne en we fine sûnens tige wichtich, mar it is dochs wol nuver wurkjen. Mar it is wol sa dat as minsken gjin gegevens efterlitte wolle, wy harren de tagong wegerje. Wy wolle net twa wiken ticht."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Fiasko

As by in saak corona útbrekt, mei de oerheid in saak twa wiken ticht dwaan. By buorman La Gondola moatte se ek net oan sluting tinke. "In het hoogseizoen zou dat voor ons een fiasco zijn," seit eigener Ymelda Panebarco. "We zijn al een tijd dicht geweest en dan kunnen we dat er niet bij hebben." By La Gondola binne se dan ek drok dwaande om alles op oarder te krijen. "Maar je weet nooit wat voor regels er dan weer bij komen. Het blijft altijd zoeken."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op 'e Lemmer

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Gelokkich mar ien tagong

Ek Beachclub Lemmer hat aanst mei dy maatregel te krijen. "Wy hawwe it gelok dat der ien tagong is, fia de brêge fan it strân ôf. Dus eltsenien moat by in poarteman del. Wy wurde in bytsje plysjeman, mar aldergeloks hawwe de minsken der wol begryp foar", seit eigener René Engwerda.

Hoarekaman Engwerda wie krekt sa optein dat it moai sinneskynwaar is. "Hjir wurde wy bliid fan. Hjir dogge je it foar. Folle bak, wol op 1,5 meter mei de coronamaatregels, mar dit binne de krinten yn 'e brij." Engwerda is net wiis mei de nije regels. "Wat ik der echt fan fyn dat sil ik mar net útsprekke, mar wy wurde der net bliid fan. Oeral meie je binnenkomme sûnder in registraasje, mar by ús moat dat wol. Mar it is sa't it is. It binne de regels, wy sille ús der oan hâlde."

Tip: nim in nammekaartsje mei

Der sit dus neat oars op. "Myn frou hat fan 'e moarn al drok dwaande west, de mappen en formulieren lizze klear. Eltsenien moat him hjir registrearje litte mei namme en telefoannûmer. In tip foar eltsenien: nim in nammekaartsje mei. Dat skeelt tiid, je kinne dan sa trochrinne." It moat mar, tinkt er. "As der kontrôle komt, binne wy de sjaak. Dan moatte wy de boete betelje. En je wolle ek net 14 dagen ticht. As je dêr oan tinke, dan springe de triennen yn de eagen."

Eigener René Engwerda fan Beachclub Lemmer

(Advertinsje)
(Advertinsje)