Filmsnein yn plak fan festival

13 jul 2012 - 16:38

It Noardlik Film Festival yn Ljouwert giet dit jier net troch, mar der komt wol in alternatyf. Stedsskouboarch De Harmonie sil op 11 novimber in filmdei organisearje, mei dêryn in soad muzykfilms. De provinsje en de gemeente Ljouwert binne bliid dat de filmleafhawwers dit jier net hielendal sûnder films sitte.

It Noardlik Film Festival giet net troch, omdat it Sintrum foar Film him dit jier konsintrearret op de ferhuzing nei it nije Fries Museum op it Saailân. Yn 2013 komt it Noardlik Film Festival werom mei in ekstra feestlike edysje.

(advertinsje)